Game oer Noard-Fryslân

01 jun 2012 - 21:00
Fryske flagge - Foto: Omrop Fryslân

In nij kompjûterspultsje moat de regio Noardeast Fryslân oantrekliker meitsje. Mei in saneamde smartphone moat de echte wrâld ferbûn wurde mei de firtuele wrâld. Spilers moatte it riedsel fan de 12e stêd oplosse.

Op de tillefoan komt ynformaasje oer histoarje, natuer en kultuer te stean dy't de spiler helpe moat. Fiif Fryske bedriuwen wurkje mei oan it spultsje. It projekt wurdt mei mooglik makke troch de EU. De provinsje jout sa'n twa ton foar de game.

(Advertinsje)
(Advertinsje)