Akkrum wint fyfde SKS wedstriid by Langwar

10 aug 2017 - 16:28

It skûtsje fan Akkrum hat tongersdei de fyfde SKS wedstriid op it wetter fan Langwar wûn. Skipper Pieter Meeter kaam mei romme foarsprong as earste oer de finish. Troch de winst giet it Akkrumer skûtsje no oan de lieding yn it klassemint. Twadde waard Grou, folge troch Huzum, dy't ek goede saken die op it wedstriidwetter.

(advertinsje)
(advertinsje)