Ekstra trelerhelling foar Harns

10 aug 2017 - 15:16

Harns krijt der in ekstra trelerhelling by. Neffens de gemeente woene de ynwenners dat graach. De helling komt oan it Skieppedykje, by it Van Harinxmakanaal. De gemeente hat dêr al grûn en kin dêrtroch de helling maklik realisearje, ek foar in langere termyn. De gemeente hoecht de helling net allinne te beteljen, ek de sportfiskerij nimt in part fan de kosten op him. Doel is dat de helling maitiid takom jier foar it earst brûkt wurde kin.

Trefwurden: 
Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)