Fisker fangt fleanende fisk boppe Skylge

10 aug 2017 - 15:07
Foto: Facebook EMK

In fisker hat dizze wike boppe Skylge in fleanende fisk fong. It giet om fisker Dries Meijer út Winsum, skipper op de ST 21. Fleanende fisken kommen net in soad foar yn de Noardsee. Se libje gewoanwei yn oseanen mei in wettertemperatuer fan sa'n 20 oant 23 graden. Se fleane allinnich yn gefal fan need, om sa te ûntkommen oan har oanfallers. Fisker Dries Meijer seit yn in reaksje dat it de earste fleanende fisk yn syn lange fiskerskarjêre is.

Trefwurden: 
fleanende fisk Skylge fiskje
(Advertinsje)
(Advertinsje)