Sven wol ek de 10 km. ride

27 okt 2011 - 13:09

As de 5 kilometer by de NK-ôfstannen goed rint, wol Sven Kramer ek de 10 kilometer ride. Dat sei hy tongersdei by de presintaasje fan syn TVM-ploech. Sven Kramer ried it ôfrûne wykein in testwedstriid op de 5 kilometer. Troch syn tiid fan 6.23.05 krige Kramer grien ljocht fan de KNSB om te starten op de NK-ôfstannen begjin novimber yn Thialf. TVM makke bekend noch twa jier troch te gean as sponsor, yn alle gefallen oant en mei de Olympyske Spelen 2014.

(Advertinsje)
(Advertinsje)