Plysje siket tsjûgen fan wenboatoerfal Snakkerbuorren

10 aug 2017 - 13:58
De plysje stelt spoaren feilich - Foto: Kappers Media

De plysje is noch hieltyd op syk nei tsjûgen fan in oerfal op in wenboat yn Snakkerbuorren. Dat barde yn de nacht fan sneon op snein 6 augustus. Minsken dy't rûn healwei-twaen dy nacht of letter wat sjoen of heard hawwe, wurde frege om har te melden. Neffens de plysje hawwe twa oerfallers sieraden, jild en jassen bút makke.

Der is buertûndersyk dien yn de omjouwing, dat hat de plysje ferskate kamerabylden opsmiten dy't no analysearre wurde. De 80-jierrige bewenner fan de wenboat rekke by de oerfal ferwûne, hy waard yn it sikehûs behannele. De plysje wyt net yn hokker rjochting de fertochten útnaaid binne.

Tsjûgen kinne belje op 0900 - 8844 of op Misdaad Anoniem, nûmer 0800- 7000

Trefwurden: 
oerfal wenboat Snakkerbuorren
(Advertinsje)
(Advertinsje)