Guod Mata Hari te sjen yn seis sealen Fries Museum

10 aug 2017 - 13:51

Yn it Fries Museum yn Ljouwert is fan 14 oktober oant en mei 2 april de grutste tentoanstelling ea oer it libben fan Mata Hari te sjen. Yn seis sealen belibje besikers it folsleine libbensferhaal fan Margaretha Geertruida Zelle yn de tentoanstelling Mata Hari: de mythe en het meisje.

It museum hat hjirfoar goed hûndert saken út binnen- en bûtenlân yn brûklien krigen, lykas in seleksje fan de Frânske militêre dossiers dy't foar it earst foar it publyk te sjen binne. Ek de plakboeken fan Mata Hari meitsje diel út fan de tentoanstelling. Dêryn hold se by hokker foto's, affysjes, resinsjes en artikelen oer har publisearre waarden.

Libbensgrut skilderij

Yn it museum hinget fierder it libbensgrutte portret fan Mata Hari, dat yn 1916 skildere waard troch Isaac Israëls. It skilderij út it Kröller-Müller Museum is lêsten hielendal restaurearre.

In poëzyalbum, skoalrapport en sels skreaune gedichten fertelle oer de jeugd fan Mata Hari yn Ljouwert. It Fries Museum hat okkerdeis ek brieven, foto's en oare objekten krigen oer har rol as frou en mem.

(advertinsje)
(advertinsje)