Bernebuorkerij Doniastate wurdt leveransier foar restaurants

10 aug 2017 - 12:24

In bernebuorkerij dy't leveransier is fan twa Ljouwerter restaurants is minder frjemd as it liket. Want je hoege op Doniastate yn Stiens net benaud te wêzen dat it favorite geitsje of ezel fan in berntsje yn 'e panne bedarret; it is de grientetún dy't hieltiten populêrder wurdt.

Twa restaurants fan restaurateur Willem Schaafstra keapje dêr no griente. En dat is net allinnich kommersjeel moai meinaam. It wurk op Doniastate wurdt dien troch minsken mei in beheining. En dy fine it prachtich! Sy moatte no ek leare goed foarút te sjen sadat der foldwaande griente op foarried is.

Partikulieren kinne al langer griente keapje en dêrfan binne der ek hieltiten mear. Besikers gunne it de bernebuorkerij en boppedat wurdt ekologysk iten dat net fan fier komt, hieltiten populêrder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)