Diabetespasjint (13) set aksje op tou foar helphûn

10 aug 2017 - 11:57

De 13-jierrige Ilse Maat út Sint-Jânsgea wit noch mar in pear moanne dat se diabetes type 1 hat en fernimt it net goed wannear't har bloedsûker te leech of te heech is. Mar dêr is in oplossing foar, in diabetes-helphûn. Mem Baukje Keizer-Maat: "In hûn kin noch folle earder rûke hoe't it mei har bloedsûker giet as dat Ilse dat sels fiele kin."

De famylje Maat hat de hûn al yn hûs, mar de training fan de hûn wurdt net fergoede troch de fersekering. Ilse is dêrom sels in aksje start. Minsken kinne op de webside fan geefgezondheid.nu jild donearje foar de training fan de hûn fan Ilse. 

Trefwurden: 
Diabetes Ilse Maat helphûn
(Advertinsje)
(Advertinsje)