MCL efter UMCG kwa reputaasje yn it Noarden

10 aug 2017 - 10:13
It MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn de trije noardlike provinsjes hat it UMCG yn Grins de sterkste reputaasje fan alle Nederlânske sikehuzen. Dat komt nei foaren út it Ziekenhuizen Merkenonderzoek. Yn Fryslân stiet it MCL op twa en Nij Smellinghe yn Drachten folget op it tredde plak.

Der is foar it ûndersyk dit jier foar it earst ek sjoen nei de gearwurkingsferbannen yn de soarch. It docht bliken dat hast net ien Zorgpartners Friesland kent. De Antonius Zorggroep skoart better, dy stiet twadde yn de top tsien fan gearwurkingsferbannen mei it sterkste imago.

Trefwurden: 
MCL UMCG sikehûs soarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)