Skylgers wenje it fierst fan har wurk ôf

10 aug 2017 - 09:56

Fan alle Friezen, wenje ynwenners fan Skylge it fierst fan har wurk ôf. Sy moatte gemiddeld goed 44 kilometer reizgje. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Ynwenners fan de gemeente Flylân sitte der krekt ûnder. Sy wenje goed 34 kilometer fan har wurk ôf.

Gemiddeld rieden Nederlanners yn 2015 goed 22 kilometer om by harren wurk te kommen. Hast fjouwer op de tsien minsken wenje en wurkje yn deselde gemeente. Dat jildt benammen foar gruttere stêden.

Wenplak - ôfstân nei wurk (km.)
Skylge 44,3
Flylân 34,2
Harns 32,7
De Fryske Marren 30,0
Weststellingwerf 29,9
Kolumerlân 29,7
Eaststellingwerf 29,5
Frjentsjerteradiel 28,8
It Bildt 28,7
Dongeradiel 28,6
Súdwest-Fryslân 27,5
Achtkarspelen 27,3
Ferwerderadiel 26,8
Littenseradiel 26,6
Opsterlân 26,6
It Hearrenfean 26,0
Ljouwert 25,5
Tytsjerksteradiel 25,1
It Amelân 24,7
Menameradiel 24,5
Dantumadiel 24,1
Smellingerlân 23,6
Ljouwerteradiel 22,6
Skiermûntseach 22,4

Wêr wenje wurknimmers fan Ljouwerter bedriuwen?

Wêr wurkje ynwenners fan gemeente Ljouwert?

Trefwurden: 
wurk wenje Skylge CBS
(Advertinsje)
(Advertinsje)