Easterwâlde krijt keunsthotel

Easterwâlde © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Leafhawwers fan keunst en kultuer kinne fan takom jier ôf oernachtsje yn in saneamd ArtHotel yn Easterwâlde. Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 wurde de tsien keamers yn dit nije hotel ûntwurpen troch profesjonele Fryske keunstners. Byldzjend keunstner Age Hartsuiker is al dwaande mei de earste keunstkeamer.
It tydlike hotel komt yn in leechsteande fleugel fan ferpleechhûs Stellinghaven yn Easterwâlde. It ArtHotel is in idee fan Stichting O18 en ZuidOostZorg. Se wolle mei it hotel in bydrage leverje oan de fleurichheid yn Stellinghaven. Der wurdt ûndersocht oft it hotel ek nei 2018 iepen bliuwe kin. Dan soene bygelyks famyljeleden fan kliïnten fan it ferpleechhûs yn it hotel ferbliuwe kinne.