Kollum: "Cowboys"

10 aug 2017 - 08:31

"Al hast in wike stean der foar myn hûs, hjir yn Amsterdam, twa fytsen dwers op ‘e stoepe. Dat bart hjir wol faker, mar dit binne frjemde eksimplaren. Se binne lyts. Sjogge der út as mountainbikes. Ha in wat nuver heech stjoer, en se binne identyk.

It binne fytsen fan oBike, in Singapoereesk bedriuw dat meidocht oan de 'deeleconomie'. It binne dielfytsen. Wannear't ik in app op myn tillefoan ynstallear, kin ik op de fytsen foar myn doar in healoere fytse foar 50 sint. Boarch fan hast tachtich euro, mar dan kinst ‘m oeral stean litte wêr'st mar wolst.

Op de app kinst checke wêr’t sa’n fyts stiet, mar goed, ik ha twa foar myn hûs stean. Dus dat hoecht net. Dan scanst in QR-koade, sa’n plaatsje mei wite en swarte fakjes, en dan ûntskoattelet de fyts.

Och en it is sa hip, mei in filmke op YouTube mei neat-oan-‘e-hân tingeltangelmuzyk en in stim dy’t klinkt as oft se de oplossing foar alle problemen binne.

En it is net neat. Sa seit de webside fan oBike dat se it earste duorsume dielfytsplatfoarm binne. Dat is net hielendal wier. Want we ha hjir yn Amsterdam yn ‘e jieren 60 al it Witte Fietsenplan hân. Op it stuit binne dizze fytsen net duorsumer as myn stedsfyts, fan ûnbestimde leeftiid mar yn elts gefal gau tweintich of tritich jier, en dat moatte dizze fytskes earst mar ris helje, mei al dy fragile plestik ûnderdielen. Plus dat der in batterij yn sit foar de kommunikaasje fan it ûntskoatteljen. En it binne ek gjin dielfytsen, want de fyts is fan in bedriuw en ik betelje per tiidsienheid foar gebrûk. Dus it binne hierfytsen. Dus ‘earste duorsume dielfyts’, dat is hielendal net wier.

No’t dy twa sa gesellich al in wike yn ‘e wei stean foar myn hûs, falle dizze fytsen my mear op yn ‘e stêd. Ik seach al ien ferlern op in brêge hingjen, dêr’t hast net ien komt. Se folje fytserekken, en mei dy irritante mandsjes foarop kin der dan neat mear by. En it is my net allinich opfallen.

We ha net in soad romte hjir yn Amsterdam, en fytsestallingen binne mear as fol. Sels wannearst ferhúzje wolst en dêr in plak foar dyn hûs foar nedich hast, kostet dy dat grof jild. Dizze fytsjonges mei harren moaiwaar praatsjes brûke al dy romte fergees.

De strjitte is gjin winkel. De gemeente hat besletten dat it net mei. En fansels. Want wannear’t we dat tinne laachje groom fan hippe skinny jeans mei de lêste smartphone fan Samsung en fierstente wite sportskuon der even ôfhelje, bliuwt der in bedriuw oer dat in fytseferhier runt op strjitte. Gehaaide cowboys, dy’t jild fertsjinje, niks ‘diele’. En hannel op strjitte mei net samar. Je besette publike romte, en dêr ha we al net safolle fan, dus dit slacht nergens op.

Wat my hjir yn opfalt is de brutaliteit fan dizze ûndernimming. Gewoan begjinne, sels al mei it net. Gewoan sjen hoe fier ast komst. It is tûk, want wannearst earst in pear gebrûkers hast, is der folle mear wjerstân tsjin as’t weromfluite wurdst. Dizze taktyk kinne we ek fan taksybedriuw en útknipers fan de ûnderklasse Uber. De siswize ‘brutalen ha de heale wrâld’ kloppet.

We sjogge it ek oan it fipronil-skandaal: in pear cowboys - of chickboys, yn dit gefal - sille dyn hintsjes wol even ûntlúzje, mar brûke dêrfoar in middel dat ferbean is. Gewoan begjinne, wat foar kwea kin it, en de luzen binne fuort. En dat lytse bytsje gif yn dy pear aaien, ach…

Ik tink ek wolris dat ik mei myn Fryske eftergrûn fierstente netsjes bin. Net dat der gjin Fryske cowboys binne, mar yn it algemien sit soks net yn ús aard. Dit soarte fan glêde cowboys yrritearje my nochris ekstra, om’t se harren sa smetteleas foardogge.

Neffens my lit ik in protte jild lizze. Dêr stiet tsjinoer dat ik net oeral yn ‘e haadstêd myn fyts slingerje lit. En ik in bysûnder bytsje minsken fergiftige ha."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)