Fjoerwurk by generale foar FK fierljeppen

09 aug 2017 - 22:55

De generale foar it Frysk kampioenskip fierljeppen fan takom sneon levere woansdeitejûn yn Drylts ien fan de moaiste wedstriden fan it seizoen op mei fiere sprongen yn ferskate klassen. Yn de topklasse gong de oerwinning foar de twadde kear dit seizoen nei Sytse Bokma fan Hylpen mei in sprong fan 20.59 meter. En dat is mar acht sintimeter minder as syn persoanlik rekôr. Ek de dit seizoen faak troch blessueres pleage Thewis Hobma fan Harns liet sjen dat der sneon rekken mei him hâlden wurde moat. Mei sprongen fan 20.40 meter en 20.48 meter ljepte er twa kear dik oer de tweintich meter. It tredde plak wie foar Nard Brandsma fan Warkum, de man mei de measte oerwinnings dit seizoen. Ek hy sette mei 20.42 meter in moaie ôfstân del.

By de junioaren gong de oerwinning nei Freark Kramer fan It Heidenskip mei in prachtich nij persoanlik rekôr fan 19.55 meter. By de froulju liet Marrit van der Wal, ek fan It Heidenskip, sjen dat it mei har foarm ek wol goed sit. Mei in sprong fan 16.95 meter wûn se de wedstriid en bleau se mar 18 sintimeter ôf fan har fierste ôfstân dit seizoen. By de jonges gong de oerwinning nei Wietse Nauta fan Drylts mei 17.60 meter. Sigrid Bokma fan Hylpen wûn by de famkes mei 14.49 meter.

Trefwurden: 
fierljeppen
(Advertinsje)
(Advertinsje)