'Oanpak dongoerskot doocht fan gjin kanten'

09 aug 2017 - 22:14

De oanpak fan it dongoerskot yn Nederlân doocht fan gjin kanten. Dat fine boeren, fan wa't kij ferkocht of slachte wurde moasten troch dy oanpak, it saneamde fosfaatreduksjeplan. Neffens Europeeske regels produsearret Nederlân tefolle dong en dêrom moat it tal kij yn ús lân omleech. De boeren binne troch de rjochter yn it gelyk steld en se binne bliid dat se harren fee hâlde kinne. It giet dan om boeren dy't flink ynvesteard hawwe yn har bedriuw. Sy hoege gjin fee fuort te dwaan.

Yn maaie waard ek al in tal boeren frijsteld troch de rjochter. Neffens Europeeske regels produsearret Nederlân tefolle dong en dêrom moat it tal kij yn ús lân omleech. By guon boeren is de feesteapel al lytser makke troch ferkeap of slacht. Steatssikretaris Martijn van Dam hat heger berop oantekene tsjin de útspraak. Op 18 septimber bûcht de rjochter him dêr oer.

(advertinsje)
(advertinsje)