Erik Cummins nije keeper fan SC Cambuur

09 aug 2017 - 22:08

Cambuur hat in nije keeper. Erik Cummins (28) komt per direkt oer nei de Ljouwerter klup. Hy is transferfrij en tekenet in kontrakt foar ien seizoen.

Cummins folge de jeugdoplieding fan Feyenoord en letter FC Utrecht. By dy lêste klup makke er yn it seizoen 2011/2012 syn entree yn it betelle fuotbal. Nei twa jier by Utrecht gie er nei Go Ahead Eagles. Dêr spile er fjouwer seizoenen, yn de earedifyzje en yn de earste difyzje.

Cambuur moast der wol in nije keeper by hawwe, omdat de oare nije keeper, Jesse Bertram, in part fan de tarieding mist, hy hat in blessuere. Cambuurtrainer Dijkhuizen fynt de oare keeper (Pieter Bos) noch net goed genôch.
 

(advertinsje)