Marit Bouwmeester giet oan de lieding yn Aarhus

Marit Bouwmeester (argyffoto) © Twitter Marit Bouwmeester
De Fryske sylster Marit Bouwmeester yn de Laser Radial klasse stiet nei fjouwer wedstriden boppe-oan yn it tuskenklassemint yn Aarhus. Se docht mei oan it testevenemint foar it WK 2018 dat op itselde wetter hâlden wurdt.
Op it Deenske wetter hat Bouwmeester oant no ta twa kear wûn. Fierder waard se twadde en fjirde. De Sweedske Josefin Olsson stiet op it twadde plak.
Der folgje noch sân races. De wedstriden duorje oant en mei snein. Foar Wartenster Marit Bouwmeester is it ek de lêste tarieding op it WK fan dit jier. Dat is fan 19 oant en mei 26 augustus yn Medemblik.