Slachter hellet ûntsnapte ko fan N31

De ko waard troch omstanners en plysjes wer de greide yn jage © Anton Kappers
In slachter hat woansdei by Ritsumasyl in ûntsnapte ko fan de autodyk helle. De man wie oan it kuierjen doe't er yn de berm fan de N31 tusken Ljouwert en Marsum in ko seach. Hy belle fuortendaliks it alarmnûmer 112.
Plysjes en omstanners hawwe de ko wer de greide yn jage. Dêrfoar moast er wol troch in sleat hinne wâdzje.