Boalsert wint de 115e Freulepartij yn Wommels

It partoer fan Boalsert hat woansdei yn Wommels de 115e edysje fan de Freule wûn. It trijetal, mei Hidzer Bogaard, Jelle Cnossen en Menno Galama, wie yn de finale fan de wichtichste jongespartij fan it jier te sterk foar Eksmoarre. Yn de finale waarden Pieter Jan Leijenaar, Albert Feenstra en Jelmer Dijkstra mei 5-3 en 6-6 ferslein.
Earder moast it ferrassende partoer fan Baard it yn de heale finale al ûntjilde tsjin de Freulewinners. Dy partij wie tige spannend, mar Boalsert luts mei 5-5 en 6-0 oan it langste ein. De heale finale fan Eksmoarre siet ek moai tichteby inoar. Dêr waard de winner fan foarich jier, Menaam, mei 5-5 en 6-2 ferslein.
"Sneu foar de tsjinpartij, mar machtich. Gewoan fantastysk", seit in emosjonearde Jelle Cnossen flak nei de wedstriid. "De linerjochter joech him yn. In sitbal", seit Cnossen oer de lêste slach. "Myn foet docht sear, mar dêr moatst efkes dertrochhinne. Gelokkich koe ik wol fierder."
"Ik tocht: Jelle binne wy kwyt,`seit Menno Galama. `Mar hy kaam werom. Geweldich hoe't er de opslach die. Hy koe alles noch. Hy wie hielendal fol-taped en ynienen stiet er dêr te keatsen.`
"Tusken Eksmoarre en Boalsert is altyd wol wat konkurrinsje, mar wy binne wol maten faninoar. Apart ein, mar wy hawwe wol wûn", seit Menno Galama.
Sjoch foar in folslein oersjoch fan de partijen en útslaggen fan de Freule ek op Omropfryslan.nl/keatsen.