Blokhûs Starum rint gefaar

01 jun 2012 - 17:29

De gemeente Súdwest-Fryslân lûkt fanwege in besuniging fan 12 miljoen euro de subsydzje yn dy't tasein is foar it restaurearjen fan restanten fan in earder blokhûs út de 16de ieu yn Starum. De restanten lizze ûnder de grûn. Troch se op te knappen soe Starum der in nije publykslûker by krije.

As de polityk akkoart giet mei de miljoenebesunigings ferfalt de gemeentlike subsydzje fan 350.000 euro en bart der hielendal neat. De planmakkers en ek stedsbelang Starum binne bot teloarsteld en litte it der net by sitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)