Snitser skûtsje soeverein earste op eigen Snitser Mar

It skûtsje fan Snits hat mei grutte oermacht de wedstriid op de Snitser Mar by Terherne wûn. Skipper Douwe Visser hie it twa rûten lang dreech mei Akkrum, mar doe't er dêr ien kear foarby wie, waard de ôfstân allinne mar grutter. Visser waard soeverein earste.
Akkrum wie as ien fan de bêsten út de start. Snits as ien fan de lêsten, mar Douwe Visser makke in moaie slach nei de earste tonne. Dêr kaam er as twadde omhinne, krekt achter Pieter Meeter fan Akkrum. Dy beiden foarmen al gau in kopgroep fan twa. Douwe Visser besocht oan te fallen, mar hieltyd as er tichterby kaam, rûn Akkrum wer út.
De boppeste tonne foarby
Pas yn de twadde rûte koe Snits Akkrum foarby komme. Douwe Visser sylde hurder en heger. Yn de striid mei-inoar sylden de beide koprinners de boppeste tonne in ein foarby.
Even like it derop dat Earnewâld dêrfan profitearje koe, mar dat skûtsje kaam as tredde om de tonne. Snits koe frij fuortsile, mar Akkrum moast ferdigenje op Earnewâld. Sa krige Snits de frije wyn. Douwe Visser liet him op syn thúswetter net mear ynhelje.
Langwar
De wedstriid begûn mei in frij krêftige wyn, mar dy sakke der yn de rin fan de middei hielendal út. It skûtsje fan Langwar lei healwei de wedstriid hielendal achteroan, en skipper Jaap Zwaga sette der in gruttere fok foar. Dat hat gjin fertuten dien. Hy waard lêste.
Hurdsyldei
Spesjaal foar de wedstriid wie it Prinses Margrietkanaal ôfsletten foar it skipfeartferkear. Sa slagge it om de Hurdsyldei fan de Snitswike en it skûtsjesilen op deselde dei te hâlden. De skûtsjes gongen dêrtroch wol letter fan start as oars. De start wie krekt foar fjouweren.