Fertochte deadlike stekpartij Berltsum langer yn foararrest

09 aug 2017 - 17:03
Foto: Postema Media

De man fan 56 jier út Berltsum dy't fertocht wurdt fan it deastekken fan in 43-jierrige doarpsgenoat, bliuwt noch twa wiken langer yn foararrest. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke.

De stekpartij wie sneontejûn yn pensjon Welgelegen oan de Wiersterdyk yn Berltsum. De twa manlju wiene bewenners fan it pensjoen. Se hiene spul krigen mei-inoar. In tredde persoan - in man fan 59 jier - rekke by it ynsidint ferwûne. Op watfoar wize oft hy belutsen wie, wol it Iepenbier Ministearje op dit stuit net sizze. It ûndersyk nei de stekpartij is noch geande. Oer de oanlieding wurdt noch gjin ynformaasje jûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)