Plysje siket 36-jierrige fermiste man út Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje siket de fermiste Johan Schrader út Ljouwert. De 36-jierrige man waard op 22 july foar it lêst sjoen. Schrader hat in swarte snor, in grut swart burd en milimetere hier. Hy is sa'n 1.80 meter lang en hat brune eagen.
Schrader rint wat mank. Hy hat nei alle gedachten in spikerbroek, grize gympys en in ljochtgrien jek oan. Ek is er yn it besit fan in postkoadelotterij-fyts. Schrader is foar it lêst sjoen yn syn wenplak.