Nije opset ferkearskontrôles

01 jun 2012 - 17:19

Der komt in nije opset fan ferkearskontrôles. De plysje sil tenei minder strang tasjen op it dragen fan de riem yn 'e auto, op it net-handsfree belje op en fytsen sûnder ljocht. Dat hat it iepenbier ministearje freed bekend makke.

De plysje wol de kommende tiid mear de klam lizze op alkoholkontrôles en te hurd riden. Fytse sûnder ljocht is neffens de plysje net ûnfeiliger as fytse mei ljocht. Minister Opstelten fan justysje is net bliid mei de nije opset fan de ferkearskontrôles.

De minister seit dat der wat him oanbelanget neat feroarje sil. Dat is apart, want neifraach by de plysje Fryslân ús leart dat ien en oar al lang yn gong set is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)