Earmbân ferkocht oan Máxima

Prinses Maxima hat in earmbân kocht dy't troch learlingen fan basisskoalle De Tarissing yn Aldehaske makke is. De bern dogge mei oan it projekt Joure Ambachtstêd en mochten ôfrûne woansdei harren sels makke sieraden toane en ferkeapje op in beurs yn Amsterdam.
Doel fan de beurs is om bern te stimulearjen sels te ûndernimmen sadat se leare om mei jild om te gean. Skoalbern út it hiele lân wienen útnoege om inisjativen sjen te litten. Prinses Máxima stipet it projekt, kaam op besite en kocht in earmbân fan skoalbern út Aldehaske.