Rinus hat help fans nedich

01 jun 2012 - 16:17

Sjonger Rinus fan Drachten docht in berop op syn fans foar in nije fideoklip. Rinus hat in nûmer makke foar it EK-fuotbal, mar omdat er ferline moanne in auto-ûngelok hân hat, kin er no sels gjin fideoklip meitsje.

Sjonger Rinus sit op it stuit mei tsjinsin thús. Hy wol mar wat graach optrede en in nije klip meitsje, mar fan 'e dokter moat er útrêste. Dêrom komt Rinus no mei in kreative oplossing foar syn EK-single 'We are de sjampions'. Minsken ha it oant 9 juny oan tiid om de sjonger op in ludike wize te helpen.

Op dy dei is de earste wedstriid fan it Nederlânsk alvetal.

Trefwurden: 
sjonger Rinus fideoklip fans
(Advertinsje)
(Advertinsje)