Schuil/Nummerdor nei 2e ronde

01 jun 2012 - 15:51
Richard Schuil mei syn maat Reinder Nummerdor

Beachfollyballers Reinder Nummerdor en Richard Schuil hawwe freed de twadde ronde fan de Europeeske kampioenskippen berikt. Op it strân fan Skeveningen wûn it duo mei de Ljouwerter Schuil mei 21-14, 17-21 en 15-10 fan it Tsjechyske twatal Jan Dumek en Martin Tichy.

Schuil en Nummerdor hearre by de favoriten foar de titel. Sy komme freed op 'e nij yn aksje foar in plek yn de tredde ronde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)