Smellingerlân krijt waarnimmer

Smellingerlân krijt in tydlik waarnimmer foar boargemaster Bert Middel. Dy hat oankundige dat er opstapt om dykgraaf te wurden by it wetterskip Noorderzijlvest. Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma wol dat in gemeente dy't langer as trije moanne sûnder boargemaster komt te sitten in waarnimmer krijt. In offisjele proseduere duorret wol in heal jier. It is oan de gemeenteried om te bepalen oft sa'n proseduere der komt.