Krityk op besunigings SWF

01 jun 2012 - 15:28

De gemeente Súdwest-Fryslân besuniget mei de tsiisskaaf-metoade en sûnder heldere fyzje. Dat fynt Klaas Jan Semplonius, de fraksjefoarsitter fan Totaal Lokaal. De opposysjepartij fynt it spitich dat de riedsfraksjes net belutsen binne by it meitsjen fan it besunigingsplan fan 12 miljoen euro.

Semplonius fynt dat der te min besunige wurdt op it tal amtners fan de fúzjegemeente. Ek is Totaal Lokaal benaud dat der troch de minne ferkeap fan bougrûn noch folle mear besunige wurde moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)