Selstraf foar seksueel misbrûk

Tsjin in 42-jierrige ûnderwizer út De Hoeve is in jier sel easke wêrfan fjouwer moanne ûnder betingst. Hy soe yn 2000 in famke misbrûkt hawwe. De man wie yn dy tiid dosint op de basisskoalle dêr't it famke op siet. It misbrûk soe net ûnder twang plakfûn hawwe. De fertochte ûntkent it ferhaal. Syn advokaat seit dat de saak net te bewizen is en freget dêrom om frijspraak.