Biogas foar hûnderten yn Turns

01 jun 2012 - 14:13

De biogasynstallaazje dy't freed iepene is yn Turns, kin 900 hûshaldens fan gas foarsjen. It bedriuw Schaap Bio Energie makke sûnt 2007 al griene stroom út biogas, mar no't der fergisters by kommen binne, komt dêr ek biogas by.

De offisjele iepening fan de ynstallaazje wie freed op de lanlike Griengasdei en dat is fansels gjin tafal. Op in soad plakken wurdt freed oandacht frege foar it nut fan it brûken fan duorsum grien gas.

(Advertinsje)
(Advertinsje)