CDA wol Frysk yn de grûnwet

01 jun 2012 - 14:04
Foto: Foto ANP

It Frysk is in Europeesk erkende taal en fertsjinnet dêrom - njonken it Nederlânsk - in plak yn de grûnwet. Dizze formulearring stiet yn it freed presintearre konsept- ferkiezingsprogramma fan it CDA. It CDA fynt dat de oerheid romte jaan moat oan de ûntjouwing fan de talen en dialekten fan Nederlân.

It is de twadde kear dat it CDA yn it ferkiezingsprogramma skriuwt dat it Frysk in plak yn de grûnwet krije moat. De provinsje Fryslân en it Steatekomitee Frysk binne al sûnt 2008 oan it lobbyen om it Frysk yn de grûnwet te krijen.

It doetiidske kabinet fan CDA, PvdA en CU wie yn 2008 fan doel om allinnich it Nederlânsk in plak yn de grûnwet te jaan. Ferline jier presintearre de doetiidske minister fan ynlânske saken Donner in 'Wet gebruik Friese taal' om de posysje fan it Frysk better te regeljen. Syn opfolger Spies hat dy wet lykwols noch net trochstjoerd nei de Twadde Keamer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)