Bas Dost nei VfL Wolfsburg

01 jun 2012 - 13:08

Topskoarer Bas Dost (23) giet fan SC Hearrenfean nei VfL Wolfsburg. Hy hat de medyske keuring trochstien en in kontrakt tekene foar fiif jier. SC Hearrenfean soe 7,5 miljoen euro foar him krigen ha. Trainer Felix Magath fan Wolfsburg is hiel wiis mei Dost. Neffens him hat Dost in 'geweldige ûntwikkeling' sjen litten.

De spits hat twa jier foar SC Hearrenfean spile. Yn it ôfrûne seizoen wie er topskoarer fan de earedivyzje mei 32 doelpunten. Mei-inoar makke er dit seizoen 38 goals foar de Feansters.

Hy waard dit jier troch de Feanfans útroppen ta spiler fan it jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)