Lemsterlân wol Suderseejild

De gemeenten Lemsterlân en Súdwest-Fryslân wolle dat in part fan it Suderseespoarjild bestege wurdt oan in traverse by De Lemmer. No't der gjin spoar komt tusken It Hearrenfean en Grins kin in part fan it jild nei De Lemmer.
De traverse moat soargje foar in bettere trochstreaming fan it ferkear dat oer de provinsjale N359 troch De Lemmer fierder de súdwesthoeke yn wol. In traverse kostet sa'n 37,5 miljoen. In part fan dat jild is der al, de oare helte kin neffens Lemsterlân en Súdwest Fryslân út de Suderseepot komme.
It ferkear op de N359 wurdt benammen simmerdeis faak ophâlden, omdat de Sylroedebrêge geregeld iepen stiet foar de wettersport.