Minder boeten ha gjin effekt

27 okt 2011 - 12:34

It Ljouwerter boetekantoar CJIB hat net folle lêst fan it feit dat der minder ferkearsboeten útskreaun wurde. Yn de earste njoggen moannen fan dit jier binne der goed ien miljoen minder boeten útdield as ferline jier. Neffens it CJIB fernimt Ljouwert dêr net it measte fan omdat de ferwurking fan ferkearsboeten automatisearre is. De besunigings troch de oerheid fernimme se wol. Der wurdt rekken hâlden mei ferlies fan banen by it kantoar.

Trefwurden: 
CJIB boetes besunigings
(Advertinsje)
(Advertinsje)