Hegere leezjes Ferwerderadiel

01 jun 2012 - 12:15

Yn Ferwerderadiel binne de bouleezjes dit jier mear as ferdûbele. De gemeente stiet dêrmei op nûmer trije fan it listje grutste stigers. Dat docht bliken út in ûndersyk fan feriening Eigen Huis.

Lanlik geane de bouleezjes yn trochsneed mei 5% omheech. Hearrenfean en Ljouwert steane lanlik op it njoggende en tsiende plak fan de heechste stigers. Eigen Huis hat krityk op de rekkeningmetoaden en op de grutte ferskillen tusken de gemeenten. In fergunning foar in lytse ferbouwing is yn de iene gemeente hûnderten euro's djoerder as yn de oare.

Neffens de gemeenten wie it taryf lykwols fierstente leech om kostedekkend wêze te kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)