Aris mooglik út de kompetysje

01 jun 2012 - 11:49

Basketbalklup Aris ferdwynt sa goed as wis út de earedivyzje. De Ljouwerter ploech kin de begrutting foar it kommende seizoen net rûn krije. Gruthannel Lasaulec hat oanjûn op te hâlden as haadsponsor. In nije haadsponsor is der noch net.

Boppedat wachtet Aris al seis jier op it ferspikerjen fan sporthal Kealledykje om harren sponsoaren mear te bieden. Foar 13 juny moat der noch sa'n oardel ton by. Aris hat it probleem no dellein by de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)