Amtners provinsje Fryslân yn trochsneed hast 50 jier

09 aug 2017 - 15:51
It provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemiddelde âldens fan de amtners fan de provinsje Fryslân lei ein ferline jier krekt ûnder de 50 jier. Dat docht bliken út in oersjoch dat makke is troch it Arbeidsmarkt- en Ontwikkelingsfonds Provincies. Provinsje-amtners yn Grinslân en Drinte wiene ein ferline jier sawat like âld.

It tal banen by de provinsje Fryslân gie ferline jier wat omleech yn fergelyk mei 2015. Yn Drinte wie dat ek it gefal, wylst der yn Grinslân krekt amtners by kamen.

By alle trije provinsjes hawwe manlju de oerhân. Yn Fryslân is mar in tredde fan it personiel frou. Yn Grinslân is dat ek sa. Yn Drinte is it wat mear yn lykwicht mei 57 prosint manlju en 43 prosint froulju.

Trefwurden: 
provinsje-amtner Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)