Reparaasje-kafee yn Ljouwert

27 okt 2011 - 12:44

Yn Ljouwert wurdt sneon in saneamd Repair-kafee iepene. Yn sintrum De Verbinding oan it Súdfliet kinne minsken middeis terjochte foar lytse reparaasjes. In groep handige frijwilligers stiet klear om bygelyks kompjûters, stikkene printers en oare saken wer oan de praat te krijen. Doel fan it kafee is om minsken te helpen, mar ek om sosjale kontakten op te dwaan. It idee foar it repair-kafee komt út Amsterdam dêr't it yn wenwiken organisearre wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)