SW-Fryslân:12 miljoen besparje

01 jun 2012 - 10:46

De gemeente Súdwest-Fryslân moat yn de perioade oant en mei 2016 12 miljoen euro besunigje. Troch effisjinter wurkje en it net ynfoljen fan fakatueres tinkt de gemeente goed 4 miljoen euro op de organisaasje te besunigjen.

De oare 8 miljoen euro moat komme út besparrings op ûnder mear kultuer en wolwêzen. De subsydzjes oan kulturele ynstellings wurde leger, wylst minsken in eigen bydrage jaan moatte om yn oanmerking te kommen foar de WMO- en AWBZ-regelingen. Ek wol de gemeente foar goed 1 miljoen euro oan gebouwen ferkeapje.

Ek sil it grienûnderhâld yn de gemeente minder faak dien wurde. Op 28 juny sil de gemeenteried in beslút nimme oer de foarnommen besunigings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)