Wyk net bliid mei nachtopfang

01 jun 2012 - 10:26

Omwenners fan de Wurdumerpoarte binne net bliid mei de komst fan in nachtopfang foar dakleazen. Tongersdeitejûn binne de bewenners fan de Oranjewyk troch de gemeente en opfang-organisaasje Zienn oer de plannen bypraat.

De bedoeling is dat de Wurdumerpoarte ferboud wurdt ta in nachtopfang mei 40 sliepplakken. It wykpanel sjocht hjir tsjinop. De deiopfang foar drugsferslaafden sit ek al yn de Oranjewyk oan de Sudergrêftswâl. No ek noch de nachtopfang wurdt foar de wyk wat folle fan it goeie.

De nachtopfang sit no noch yn de Terp, mar dy lokaasje giet binnen twa jier ticht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)