28 boetes by kontrôle Snits

© Omrop Fryslân
By kontrôles fan plysje en belestingtsjinst binne tongersdei yn Snits 28 boetes útskreaun. Dy boetes wiene ûnder oare foar te lange lading, te hurd riden, mobyl beljen en it net omhawwen fan de feilichheidsriem.
De belestingtsjinst lei op 19 auto's beslach, omdat de eigners noch in skuld iepenstean hiene. Fan dy 19 waarden der lang om let seis fuortsleept. Yn de oare gefallen krigen de eigners noch de kâns om de skuld te beteljen.