Kraan kantelet yn Ljouwert

By in bedriuw yn oanbou oan de Apollowei yn Ljouwert is freedtemoarn in 25 meter hege kraan kantele. De kraan fan 10 ton is tsjin it gebou op bedriuweterrein De Hemrik oanfallen. De kraan wie troch it wiete waar yn de grûn fuortsakke.
De skea wurdt rûsd op pear tuzen euro. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. De kraan waard fan ôfstân betsjinne. Konstruksjebedriuw De Moor Staalbouw yn Ljouwert is eigner fan de kraan en it gebou.