Drachten:fertochte manlju pakt

01 jun 2012 - 10:00
Oanhâlden - Foto: Omrop Fryslân

Twa manlju út Grins en Drachten binne tongersdei oppakt, omdat de plysje tinkt dat se in oerfal útfiere woene. Sy bellen jûns om healwei tsienen oan by in hûs oan de Alde Slingewei yn Drachten. Doe't de bewenner troch it rút seach, stiene der twa manlju mei kapusjons op, dy't ek noch wat foar it gesicht hiene.

De bewenner die net iepen en belle fuortendaliks 1-1-2. De plysje koe de manlju oanhâlde. Dy hiene in nep-fjoerwapen, in mes en in stroomstjitwapen by harren. De fertochten, 26 en 27 jier, binne nei it plysjeburo brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)