Frou set man mes op kiel

01 jun 2012 - 09:56
Foto: Omrop Fryslân

In 22-jierrige frou út Ljouwert is tongersdeitenacht oanhâlden, omdat se fertocht wurdt fan mishanneling. De frou hie spul mei har 28-jierrige man en sette him in mes op de kiel. De man rekke dêrby licht ferwûne. By har oanhâlding fersette de frou har bot en misledige se de plysje.

Se is nei it plysjeburo brocht. Har man hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
mes houlik kiel
(Advertinsje)
(Advertinsje)