Jan Schulting nei SC Veendam
Jan Schulting fan De Ulesprong hat in nije baan fûn, hy wurdt takom seizoen assistint-trainer by SC Veendam. Schulting wie tusken 1994 en 1997 ek al ris haadtrainer by dizze klup.
Earder wie hy trainer by de Fryske profklups Cambuur en Hearrenfean. De ôfrûne moanne wurke Schulting by Flevo Boys, dat útkomt yn de haadklasse.