Ferlies op EK Schuil/Nummerdor

31 maaie 2012 - 22:52
Richard Schuil mei syn maat Reinder Nummerdor

Reinder Nummerdor en Richard Schuil hawwe op it EK beachfollybal yn Scheveningen tongersdei foar it earst in wedstriid yn eigen lân ferlern. It ferlies hat gjin grutte gefolgen foar it fierdere ferrin fan it toernoai, mar it twadde plak yn de pûl betsjut dat se freed in ekstra wedstriid spylje moatte. Fia dy tuskenronde kinne se har noch pleatse foar de achtste finales.

Schuil en Nummerdor wûnen tongersdei de earste wedstrijd fan de Eastenrikers Huber en Seidl, mar ferlearen dêrnei ferrassend fan de Dútsers Kaczamarek en Walkenhorst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)