Protest yn Sint Nyk foar byb

31 maaie 2012 - 21:47

In soad bern en âlders ha tongersdeitejûn yn Sint Nyk aksjefierd tsjin de mooglike sluting fan de biblioteken fan Sint Nyk en Langwar. De pleatslike SP ôfdieling hie de aksje opsetten. Beide biblioteken ha in soad jonge leden.

Wethâlder Jan Benedictus naam 1575 hantekeningen yn ûntfangst. Neffens him moat net allinnich de gemeente mar ek de biblioteekdireksje oansprutsen wurde op it ferdwinen fan bibleteken. De PvdA hat in moasje oankundige oer dit ûnderwerp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)