Parkearen mei mobyl betelje

31 maaie 2012 - 21:14

As twadde gemeente yn Fryslân fiert Harns freed it mobyl parkearen yn. Earder makke Ljouwert it al mooglik om mei de mobile telefoan te beteljen foar it parkearen fan de auto. Dat betsjut dat men gjin jild mear yn de parkearautomaat hoege te dwaan en dat ek net mear foarôf betocht hoecht te wurden hoelang men parkeare wol.

It ynfieren fan mobyl parkearen is technysk sjoen frij ienfâldich, de parkearmeters hoege dêrfoar net oanpast te wurden. Yn hiel Nederlân binne oant no ta in godie 40 stêden dêr't it ynfierd is.

It bedriuw Park Mobile seit ek kontakten te hawwen mei Hearrenfean foar it ynfieren fan mobyl parkearjen.

Trefwurden: 
mobyl parkearen
(Advertinsje)
(Advertinsje)