Piet foarseit in moaie simmer

31 maaie 2012 - 20:35

Waarman PIet Paulusma foarseit dat we in flink waarme simmer mei in soad sinne krije. Fral de kust krijt in soad sinne. Juny begjint wat wikselfallich, mar wurdt letter simmersk. In waarmte- of hjitteweach komt mooglik yn july of augustus. Der falt likegoed ek wol rein, it normale oantal millimeters, mar dy falle faak wol yn wikselfallige perioaden mei swiere buien.

Eveneminten en festivals sille rekken hâlde moatte mei dizze swiere buien. Mar neffens Piet wurdt ús lân oer it generaal in geskikt plak om de simmerfakânsje te fieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)